Cambuur moat boete betelje

© Omrop Fryslân
Cambuur moat de KNVB in boete fan 10.000 euro betelje. De klup hat te let de finansjele plannen foarlein oan it fuotbalbûn. Dit moat om't Cambuur ien fan de klups is dy't ûnder tafersjoch stiet fan de KNVB.
De Ljouwerter fuotbalklup krige boppedat in foarwaardlike straf fan 7.500 euro yn ferbân mei sprekkoaren by de wedstriid tsjin Excelsior op 27 maart. Dizze straf ferfalt lykwols as Cambuur foar 25 maaie in plan ta ferbettering oanleveret.