Grindheim noch net fit

29 apr 2009 - 16:51

De blessuere fan SC Hearrenfeanspiler Christian Grindheim oan syn hakke is slimmer as tocht waard. De Noarske ynternasjonal rint op krukken en tongersdei wurde foto's makke fan syn foet. Grindheim kaam yn it duel tsjin FC Twente ferkeard telâne nei in loftduel.

Mei Viktor Elm en Michel Breuer giet it de goede kant op. Mooglik dogge sy snein al wer mei tsjin ADO Den Haach. Foar keeper Hans Vonk komt dy wedstriid noch te betiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)