Kamping Skylge mei grutter

29 apr 2009 - 15:55

In kampinghâlder op Skylge mei fan de Raad van State syn kamping mei tsien plakken útwreidzje. Offisjeel mei it tal kampearplakken net groeie op it eilân. De kampinghâlder hat syn saak by de Steatsied wûn om't de gemeente earder Steatsboskbehear grien ljocht joech foar útwreiding fan har kamping.

Neffens de gemeente is dat net te ferlykjen want de natuerkamping is net útwreide, mar is der grûn útruile. Om't dat net goed beskreaun wie, hat de gemeente de saak ferlern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)