Ried hat noed oer oanlis dyk

29 apr 2009 - 12:15

De ried fan Menameradiel fynt it ûnakseptabel dat it wurk oan de provinsjale dyk tusken Marsum en Stiens stilleit. De provinsje wol troch jildkrapte de oanlis soberder meitsje, mar dat wol de ried net.

Neffens de ried hawwe se tastimming jûn foar de oanlis mei inkele strange easken. Sa soene der trije autotunnels en trije fytstunnels oanlein wurde en soene der in tal rontondes komme. Dy binne no mooglik fan de baan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)