143 Friezen krije lintsje

Tradisjoneel stiet de dei foar Keninginnedei yn it ramt fan de lintsjes. De ûnderskieding is dit jier by 143 Friezen opspjelde. Achttjin minsken waarden Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau, de oaren waarden Lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Ferline jier krigen 130 Friezen in keninklike ûnderskieding.
Ek keatser Chris Wassenaar út Minnertsgea krige in lintsje. Hy hat in legendaryske steat fan tsjinst opboud. Hy hat 222 prizen helle.