Grutte drokte by kaartferkeap

29 apr 2009 - 07:51

De ferkeap fan kaarten foar de finale fan de beker tusken SC Hearrenfean en FC Twente soarget woansdei op ferskate plakken yn Fryslân foar grutte drokte. Op It Hearrefean steane fan healwei sânen ôf al inkele hûnderten minsken te wachtsjen. Ek yn Wolvegea en Drachten wurdt melden dat al in soad minsken foar de doar stean. De ferkeap is om njoggen oere begûn.

Foar de finale op 17 maaie binne goed 14.000 kaarten beskikber foar de Hearrenfeansupporters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)