Tunen Heechterp wurde oanpakt

29 apr 2009 - 07:46
  • Bewenners fan Skieringen-Heechterp kinne jild krije om de wyk grien te meitsjen

Bewenners fan de Ljouwerter wenwyk Skieringen-Heechterp dy't in tún oanlizze wolle of op in oare wize de wyk mei planten en blommen kreas meitsje, krije jild fan de gemeente. De wenwyk is in 'Vogelaarwijk' en dy wiken krije stik foar stik 100.000 euro, sadat de minsken mei de griene fingers der wat fan meitsje kinne. De bedoeling is om de bewenners mear te belûken by de wenwyk.

De kampanje is dizze wike úteinset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)