Plannen soarchfakânsjepark

It soarchfakânsjepark Lauwershage komt yn Muntsjesyl
It soarchfakânsjepark Lauwershage yn Kollumerlân is wer in stap tichterby. Yn it park by Muntsjesyl moatte goed 300 húskes komme. Sûnt 2005 is de gemeente al dwaande mei it park dêr't minsken dy't ôfhinklik binne fan soarch op fakânsje kinne.
It lei in skoft stil, mar no is de gemeente dochs begûn mei de prosedueres om it park te bouwen. It is noch net bekend wannear't de earste peal slein wurdt. Der wurdt ek al sollisitearre nei wurk yn it park.