Earste minsken oan it wurk

© Omrop Fryslân
In projekt fan de sosjale tsjinst yn Noardwest-Fryslân om minsken dy't gjin rjocht ha op in útkearing te begelieden nei wurk, hat it earste súkses opsmiten. It projekt rint no twa moannen en fan de mear as fyftich dielnimmers ha seis minsken no wurk. It is de bedoeling wykliks twa minsken oan it wurk te krijen.
Minsken dy't meidogge krije yn maksimaal in heal jier tiid ûnder mear bedriuwsbesites en trainingen oanbean.