Takomst Achtkarspelen

28 apr 2009 - 21:40
  • Achtkarspelen wol gearwurkje mei Tytsjerksteradiel en Kollumerlân

Der komt mooglik in nije gemeente: De Wâlden. Dy soe ûntstean troch in fúzje fan de gemeenten Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en Kollumerlân.

Boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen sette foaral yn op mear gearwurkjen mei Tytsjerksteradiel en Kollumerlân, mar slute in fúzje net út. En dat kin dan wer liede ta de nije gemeente De Wâlden. Alteast dat stiet yn in ûndersyk nei de takomst fan Achtkarspelen. Op 14 maaie praat de gemeenterie fan Achtkarspelen dêroer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)