Fryske adel op ynternet

28 apr 2009 - 21:32

It 'Stamboek van de Frieschen' út 1846 is troch Tresoar op ynternet setten. De twa orizjinele boeken fan De Haan Hettema en Van Haemel waarden sa'n soad brûkt dat se der fan te lijen hiene.

De stambeam en famyljewapens fan alle aadlike Fryske famyljes steane yn de boeken en binne no dus ek te besjen fia de webside fan Tresoar. It probleem is lykwols dat De Haan Hettema net sa sekuer wie. Der binne ek flaters yn de boeken kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)