Keunst op Sportpark Cambuur

Der komt keunst op it sportpark fan Cambuur
Meikoarten kinne fuotballers en besikers keunst besjen op Sportpark Cambuur. Fuotbalklub v.v. Leeuwarden docht mei oan it projekt 'Kunst in de kleedkamer' fan de stifting "Beleven".
Fan 2 maaie ôf binne der keunstwurken fan seis keunsters te sjen op it terrein fan de Ljouwerter fuotbalklup. De leden fan v.v. Leeuwarden hawwe sels ideeën oandroegen foar de keunstwurken.