Kriminaliteit wurdt minder

Minder saken yn 2008 foar it Iepenbier Ministearje
It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert hat 15 prosint minder saken oanlevere krigen fan de plysje yn 2008 yn ferliking mei 2007. Dat komt benammen trochdat de kriminaliteit omleech gien is. It húslik geweld is bot tanaam. It tal saken dêr't jongerein by belutsen wiene, is in bytsje sakke.
Der binne gjin loverboys ferfolge, wylst it as in grut probleem sjoen wurdt en der in soad meldings oer binnenkomme. Dit jier is ekstra omtinken foar minskehannel.