Amtners hâlde baan yn SWH

De 760 amtners hâlde wurk
Alle 760 amtners fan de fiif gemeenten yn de Súdwesthoeke ha de garânsje op in baan as dy gemeenten weryndiele sille yn 2011. Dat hat de Bysûndere Undernimmingsried betinge.
Tiisdei hat dy ried in fisydokumint oerlange ûnder oare oan de fiif gemeenterieden. Se wolle nau behelle bliuwe yn it proses fan weryndieling en se tinke skerp om saken as húsfesting. Se wolle dat de amtners foar juny takom jier witte, wêr't se oan ta binne.