Arriva net bliid mei tariven

Ferfiersmaatskippij Arriva wol minister Eurlings fan Ferkear oansprekke op it plan fan ProRail om de tariven foar treinbedriuwen te ferheegjen. Direkteur Anne_Hettinga neamt it ´skandalich´ dat ProRail it riden fan treinen oer it spoar yn 2010 17 prosint djoerder meitsje wol.
De NS neamt de ferheging al ´absurd´ en hat in klacht yntsjinne by de Nederlandse Mededingingsautoriteit. Arriva wol dus aksje fan de minister, dy´t formeel de baas fan ProRail is.