Drachtster stoarn nei oerfal

28 apr 2009 - 11:56

De Drachtster Dick_van_der_Laan is ferline wike stoarn nei in gewelddiedige rôfoerfal yn Spanje. De 72-jierrige Van der Laan wie mei syn frou werom nei hûs nei in fakânsje yn Súd-Spanje. Op in parkearplak oan de dyk by Valencia waarden se berôve fan in rêchtas.

Doe´t Van_der_Laan achter de dief oandraafde, waard er oanriden troch in maat fan de oerfaller. De Drachtster rekke swier ferwûne en lei 20 dagen yn koma yn it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)