Soargen NOM oer kredytkrisis

Soad bedriuwen yn problemen aanst, tinkt NOM
De Noardelike Untwikkelings Maatskippij, de NOM, makket him soargen oer de gefolgen fan de kredytkrisis. Dat makke direkteur Siem_Jansen tiisdei bekend by de presintaasje fan de jiersifers oer 2008.
De NOM tinkt dat in soad bedriuwen mei de grutte fakânsje yn de problemen komme kinne. De útbetelling fan fakânsjejild kin dreech wurde en ek de omset fan bedriuwen rint yn de fakânsjewiken bot werom, tinkt de NOM.