Gemeentejild foar asylsikers

© Omrop Fryslân
De gemeente Opsterlân jout tsientûzen euro oan de stifting Noodfonds út De_Gordyk. De stifting wol mei it jild ûnder oare twa útprosedearre asylsikers yn Opsterlân in jier lang finansjeel stipe jaan yn de kosten foar libbensûnderhâld.
De twa asylsikers binne yn berop gien tsjin har útsetting en meitsje op medyske grûnen mooglik kâns om yn Nederlân bliuwe te meien.