Winst foar jong Cambuur

28 apr 2009 - 06:19

Jong Cambuur hat moandei de lêste wedstryd yn de kompetysje wûn fan Jong Veendam. Kees Tol makke de winnende goal. Veendam skoarde ek, mar dat doelpunt waard troch de skiedsrjochter ôfkard.

It wie miskien ek de lêste wedstryd fan Jong Cambuur, want de klup hâldt op mei it team as Cambuur yn de earste divyzje bliuwt. Neffens de klup is it net mear rendabel om mei in ploech fan benammen jonge, talintfolle spilers troch te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)