Jild foar ferkearsknipepunt

28 apr 2009 - 00:11

De gemeente Skarsterlân wol 2,2 miljoen euro meibetelje oan it nije ferkearsknipepunt by De Jouwer. It knipepunt moat yn 2014 klear wêze en komt súdlik fan de besteande rotonde te lizzen.

It nije ferkearsknipepunt kostet yn totaal sa'n 70 miljoen euro. Skarsterlân leveret útsein it jild ek in bydrage yn natuera. De gemeente soarget foar it opromjen fan de âlde stikken dyk. It materiaal dêrfan wurdt opnij brûkt foar nijbouprojekten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)