Plysje ûndersiket fuotbalrel

27 apr 2009 - 16:01

De plysje fan Noard-Hollân is drok dwaande mei it ûndersyk nei de mishanneling fan Hearrenfean-fans yn Volendam, ferline wike woansdei.

Mei help fan bylden dy't makke binne, besiket de plysje dieders te achterheljen. Ajax-hooligans foelen it Volendamske kafee De Oude Brug oan ûnder de bekerwedstriid Volemdam- Hearrenfean. Derom is ek de plysje fan Amsterdam ynskeakele. Der hawwe twa minsken oanjefte dien, in Hearrenfean-supporter en de eigner fan it kafee.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)