Twente stelt kaartferkeap út

FC Twente besiket it freed op 'e nij
FC Twente hat besletten de kaartferkeap foar de bekerfinale tsjin SC Hearrenfean út te stellen oant freed 1 maaie. FC Twente soe moandei los mei de ferkeap op de eigen website, mar dy koe de drokte net oan.
De klup fynt it spitich dat it misgie. De saak wie goed tared, sa sei de klup, mar it systeem koe de grutte stream oanfragen net oan. Sportklup Hearrenfean begjint op woansdei 29 april mei de kaartferkeap. Ek dy klup hâldt rekken mei grutte belangstelling.