Fryslân klear foar bargegryp

27 apr 2009 - 13:52
  • De GGD seit 'klear' te wêze foar in mooglike grypgolf
  • Mei bargen hat de bargegryp net folle te meitsjen

Fryslân is goed taret op in mooglike útbraak fan bargegryp. Sa binne der genôch medisinen foar hannen en ek de dokters witte wat se dwaan moatte. Ek de Fryske GGD hat de draaiboeken al klearlizzen.

Neffens de GGD is der op it stuit lykwols gjin inkelde reden om benaud te wêzen foar in Fryske útbraak. Yn Meksiko hat de sykte sa't it no liket oan goed hûndert minsken it libben koste. Ek yn Amearika, Kanada en Spanje is de sykte oantroffen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)