Eilanners wolle Egbertsduin

© Omrop Fryslân
In groep eilanners en oare belutsenen wolle soarchhotel Egbertsduin op Skiermûntseach oernimme fan soarchgroep Philadelphia. It giet min mei Philadelphia en de groep is benaud dat it hotel oars ferdwine sil.
Yn soarchhotel Egbertsduin kinne minsken mei in beheining of pasjinten dy't ferpleging nedich hawwe te plak foar in fakânsje. De groep ynwenners en belutsenen hawwe harren ferienige yn in stifting 'De Waddendruppel'.