Kariljon Harns stikken

Harns hat maleur mei it kariljon...
It kariljon yn 'e binnenstêd fan Harns is stikken. De betsjinning fan it kariljon is trochbaarnd, de skea is sa'n 6.000 euro. De klokken fan it kariljon dogge it noch wol gewoan en binne om it healoere te hearren.
It gemeentebestjoer fan Harns nimt dizze wike in beslút oer de reparaasje fan it kariljon. As it wurk gau útfierd wurdt, sil it wurk op syn betiidst heal juny klear wêze.