Boeren benaud foar bargegryp

27 apr 2009 - 10:22

Bargehâlders yn Fryslân binne benaud foar de gefolgen fan de bargegryp yn Meksiko. Troch de publisiteit om de sykte hinne keapje minsken minder gau in stikje bargefleis. Neffens bargehâlder John Lorist út Himmelum is dat net terjochte omdat de sykte eins neat te krijen hat mei bargen.

Sa is de nije fariant fan de sykte allinnich by minsken oantroffen en noch net by bargen. Wêrom't de sykte dan dochs de namme 'bargegryp' krigen hat is foar him in grut riedsel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)