Nije oanpak fan rydeangst

27 apr 2009 - 07:37
  • Ien fan de foarmen fan rydeangst: net troch in tunnel...

Yn Fryslân komt in nije oanpak beskikber foar minsken dy't net mear doare te autoriden. Dêrby wurkje in psychososjaalterapeut en in rydskoalle meielkoar gear.

Bestjoerders krije earst petearen mei in terapeut. Dêrnei gean se mei de terapeut en in rydynstrukteur de dyk op. De drompel om help te sykjen is faak heech. Op oare plakken bestie de oanpak al wat langer. De praktyk foar psychososjale terapy Vivita yn Berltsum begjint der no mei yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)