Friezen kloklieders yn Europa

Harm Wiersma
Joeri Wiersma fan Ljouwert stiet as 1e op de list foar de Klokkenluiderspartij by de Europeeske ferkiezings op 4 juny. Twadde stiet Engel Vrouwe fan Wergea. Ald wrâldkampioen dammen Harm Wiersma fan Ljouwert stiet tredde.
De Klokkenluiderspartij wol de ideeën fan Pim Fortuyn en Paul van Buitenen trochsette yn Europa. De partij sprekt fan in jildferslinende bestjoerskultuer en burokrasy yn Europa en wol dêr wat oan dwaan.