Auto rydt troch nei oanriding

26 apr 2009 - 16:39

In 24-jierrige man út Burgum is sneontejûn yn Koatstertille ferwûne rekke neidat in automobilist him oanried. Hy fytste om in oere as tsien troch de Van Stolbergstrjitte doe't de auto him skepte.

De automobilist ried troch sûnder te sjen hoe't it mei de fytser wie. Buertwenners fongen him op. Hy is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De plysje is op syk nei de bestjoerder fan de auto.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)