Huzefeiling gjin súkses

By de feiling waard net ien hûs ferkocht....
Friezen keapje leaver gjin hûs op in feiling. Dat is de konklúzje fan makeler Kamminga fan Ljouwert. Hy organisearre sneon foar it earst in frijwillige huzefeiling yn de stêd. Mar leafst 60 huzen kamen ûnder de hammer, mar der waard net ien ferkocht.
It doel fan 'e feiling wie om de Fryske huzemerk yn beweging te bringen, mar dat slagge dus net. Kamminga ferwachtet de kommende wiken wol sa'n fjouwer huzen te ferkeapjen.