Feinsum wol 'enerzjyneutraal'

26 apr 2009 - 15:15

It doarp Feinsum yn Ljouwerteradiel moat oer fiif jier enerzjyneutraal wêze. Dat is de winsk fan pleatslik belang fan it doarp. Wat de krekte gefolgen fan dizze winsk wêze sille, witte de ynwenners fan it doarp boppe Stiens noch net. Dêr moat earst ûndersyk nei dien wurde.

Feinsum hat him dêrom no oanmeld by de provinsje. Dy wol in proef dwaan mei tsien Fryske doarpen om te sjen oft it helber is om dy enerzjyneutraal te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)