Feanster (19) oppakt mei coke

26 apr 2009 - 14:08

In 19-jierrige jonge fan It Hearrenfean is yn it wykein yn syn wenplak oppakt omdat er drugs by him hie. De jonge woe in hoarekagelegenheid oan de Vleesmarkt yn en waard doe kontrolearre. De portiers fûnen trije wikkels mei nei alle gedachten kokaïne yn syn klean.

De plysje waard ynskeakele en dy hat de jonge meinaam nei it buro. Se namen ek noch in jildbedrach by him yn beslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)