Teateroargel wer yn gebrûk

© Omrop Fryslân
It teateroargel yn Hotel De Zon yn Easterwâlde is sneon foar it earst wer brûkt dêr't it foar boud waard: de stomme film. Elke twa wiken kinne minsken nei de film yn it hotel. Dat binne populêre Hollywoodfilms, mar ek ûnbekendere films út it filmhûs.
Sneontejûn kaam der in oargelist om de muzyk te fersoargjen by in stomme film. It oargel stie jierrenlang by partikulieren. In pear jier lyn begûn oargelist Jan Hollander fan Easterwâlde oan de restauraasje.