Gemeente mear dwaan oan sport

© Omrop Fryslân
Smellingerlân moat mear dwaan om jongeren oan it sporten te krijen. Dat fynt it CDA. De partij wol ek mear omtinken foar de frijwilligers dy't aktyf binne by sportklups. Dêr soe de gemeente ek in rol yn spylje moatte.
Sportklups ha it dreech om frijwilligers by de klup te belûken. En der heakje ek in soad jongeren ôf. De gemeente soe mei de klups sjen moatte wat der oan dy trends te dwaan is. De ried fan Smellingerlân praat der ynkoarten oer.