Dobbehynder Freya krijt fôle

26 apr 2009 - 08:56
  • In skilderij nei de foto fan Laurens Aaij

It wite hynder Freya, dat ferneamd waard troch in foto dy't de Zilveren Camera wûn, hat fannacht in fôle smiten. Freya stie sintraal op de foto fan in grutte groep hynders yn it wetter by Marrum.

De hynders kamen dêr ein oktober 2006 fêst te stean op in dobbe yn it Noarderleech, as gefolch fan it hege wetter troch in hjerststoarm. De bisten ha der dagen stien, foardat se rêden waarden. It is de earste kear dat it wite hynder in fôle smyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)