SC Hearrenfean Europa yn

Paulo Henrique makke de iennichste goal fan Hearrenfean (foto: Martin de Jong)
Sportklup Hearrenfean hat him sneontejûn definityf pleatst foar Europeesk fuotbal. De ploech fan Trond Sollied spile yn de thúswedstriid mei 1-1 lyk tsjin FC Twente. Beide ploegen krigen yn de earste helte amper kânsen.
Paulo Henrique, dy't earst al in grutte kâns fergriemd hie, sette de Feansters yn de 77e minút op in 1-0 foarsprong. It like derop dat dy minimale foarsprong genôch wêze soe foar de winst, mar Theo Janssen soarge yn de lêste minút foar de lykmakker.