ONS Snits spilet lyk

25 apr 2009 - 17:47

Sneonshaadklasser ONS Snits spile sneon op it eigen fjild mei 1-1 lyk tsjin Go Ahead Kampen.

De Snitsers kamen yn de earste helte op in 1-0 achterstân. Foar it skoft soarge Ton Haarman foar de lykmakker troch in penalty te benutten. Yn de twadde helte besochten beide ploegen de winst binnen te heljen, mar der waard net mear skoard. Snits is noch net feilich en sil yn de lêste twa wedstriden noch punten helje moatte om degradaasje te foarkommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)