Lofttrein Noarden-Skiphol

25 apr 2009 - 13:21
  • It Platform Duurzame Luchtvaart wol in 'Noorderluchtlijn'

It plan fan in rappe fleanferbining tusken it Noarden en Skiphol hat foar Fryslân gjin mearwearde. Dat seit deputearre Adema yn reaksje op it plan fan Platform Duurzame Luchtvaart. De ferbining tusken Eelde en Skiphol mei fleantugen dy't stookt wurde op biobrânstof soe in alternatyf wêze foar it Suderseespoar.

Neffens Adema is Eelde te fier fuort foar Fryslân. Hy bliuwt ynsetten op in nij hegesnelheidsspoar fan Lelystêd nei Grins mei haltes yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)