Rykswettersteat pakt diken oan

25 apr 2009 - 12:57
  • Rykswettersteat pakt minne diken oan

Rûnom yn de provinsje wurdt dit wykein wurke oan de diken. Dy binne fan 't winter op in soad plakken slim fernield as gefolch fan de froast. Rykswettersteat fierde doe needreparaasjes út, mar pakt de skea no oan.

Dat bart sneon op de A32 by Grou. Der komt in nije laach asfalt oer hinne. Takom wike is de A7 tusken Drachten en it Grinzer Mearum oan bar. Om it ferkear sa min mooglik te hinderjen wurdt it wurk nachts en wykeins dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)