Teloarsteld oer trasee N381

De gemeente is teloarsteld oer it beslút fan de provinsje
Eaststellingwerf sil der alles oan dwaan it beslút fan Provinsjale Steaten oer de N381 werom te draaien. Deputearre Adema makke freed bekend dat it nije stik dyk fan de N381 by Donkerbroek oan de westkant fan it doarp komt. De gemeente advisearret in oar trajekt by de Opsterlânske Kompanjonsfeart. De gemeente is teloarsteld oer it beslút fan Adema.
No leit de dyk tusken it doarp en it bosk en de sportfjilden yn. De provinsje beslút ein juny definityf.