Crone baas by grutte ramp

Ferd Crone is baas as der in ramp is
Boargemaster Crone fan Ljouwert wurdt oer oardel jier de baas fan de Helpferlieningstsjinst Fryslân yn gefal fan in ramp. Dat is bepaald troch de minister, de boargemasters, de brânwachtkommandanten en oare tsjinsten lykas de plysje en de GGD.
Dat bestjut dat de Kommissaris fan de Keninginne ynkoarten net mear de lieding hat by de bestriding fan rampen. Fierder moatte alle brânwachtkorpsen fusearje en falle se ûnder de boargemaster fan Ljouwert.