Forelfiskje yn Kollumersweach

© Omrop Fryslân
Fiskers hoege net mear nei it bûtenlân om op forellen te fiskjen. Dat kin no ek yn Kollumersweach. Yn de Forellepoel, dy't sneon iepene is, kin foar 14 euro in heale dei fiske wurde. Yn trije grutte fivers sitte fisken fan mear as in kilo. Yn it bûtenlân binne in soad fan dizze gelegenheden, mar net yn Fryslân.
De eigners tinke foaral groepen en minsken mei in beheining te lûken. Spesjaal foar dizze groep is in steger oanlein.