N381 westlik fan Donkerbroek

© Omrop Fryslân
De autodyk N381 komt oan de westkant fan Donkerbroek te lizzen. Dat hat it kolleezje fan deputearre steaten besletten. Der wurdt op dat plak genôch grûn frij hâlden om de dyk fjouwerbaans oan te lizzen.
No leit de dyk noch tusken it doarp en it bosk en de sportfjilden yn. Mei de nije dyk krijt it doarp nije ûntjouwingskânsen, sa tinkt de provinsje. It provinsjebestjoer jout wol ta dit it plak fan de nije dyk net ideaal is, mar neamt it 'optimaal'.