Mercator mei nei Sina

© Omrop Fryslân
In fertsjintwurdiger fan it Mercator kennissintrum foar meartaligens yn Ljouwert giet mei de kommende hannelsmisje fan Fryslân mei nei Sina. De delegaasje út Fryslân giet snein fuort en bliuwt in wike yn Sina. Doel fan de reis is Chengdu, yn de provinsje Sichuan.
Mercator praat yn Sina mei ien fan de learare-oplieding fan Chengdu oer it Frysk. Mooglik wurdt der ek in gearwurkingsoerienkomst sletten oer it útwikseljen fan ynformaasje oer taal.