Boek oer Willem IV yn Tresoar

It boek is te sjen op tresoar.nl
Tresoar yn Ljouwert hat in seldsum en kostber boek yn de kolleksje krigen dat giet oer de ynhuldiging fan Willem IV ta algemien stedhâlder fan de Nederlannen. It boek is betelle troch de stichting Freonen fan Tresoar.
Willem IV wie earst allinnich stedhalder fan Gelre, Drinte en Grinslân. Yn 1747 waard hy ek oansteld yn de oare provinsjes. It boek beskriuwt de ynhuldiging yn Den Haach. De útjefte fan Tresoar is unyk.