Boete op betingst foar brouwer

24 apr 2009 - 16:32
  • Boete op betingst foar Boalserter brouwer

De Friese Bierbouwerij fan Boalsert hat in boete op betingst krigen omdat der mear alkohol yn it eigen bier sit as op it etiket stiet.

Seis persint moat der yn it bier fan de brouwerij sitte, mar der siet acht persint yn. Dat die bliken by in kontrôle fan de Voedsel- en Warenautoriteit. En dêrom hat de rjochter freed in boete op betingst oplein. De saak spilet al hast trije jier. Dat komt troch ferskate ûndersiken dy't útfierd binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)