Sjoernaal De With nei Flylân

It steatejacht fan Utert is ûnderwiis nei Flylân foar de oerlanging fan in ieuwenâld manuskript. Museum Tromp's Huys op it eilân krijt de replika fan in 17de ieusk skipsjournaal. It giet om it ferslach fan in wrâldreis dy't seeheld Witte de With makke. Flylân wie de thúsbasis fan De With.
Oan board fan it jacht binne de kommissaris fan 'e Keninginne fan Utert, konsuls út ferskate lannen en histoarikus Anne Doedens. Dizze lêste ûntdekte it 'Utrechts Manuscript'.