Cambuur ferkeapet 7500 shirts

24 apr 2009 - 11:37

It giet goed mei Sportklup Cambuur. It opmerklike is dat dit ek bliken docht út de ferkeap fan fanartikels. Nei alle gedachten komt dat troch de goeie resultaten fan de fuotbalklup yn dit seizoen.

Yn it seizoen 2006 waarden der mar fyftich offisjele spilersshirts ferkocht. No binne dat der al 7500. In offisjeel SC Cambuur spilersshirt kostet 45 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)