Nije spilers foar ONS Snits
Sneonshaadklasser ONS_Snits hat him foar takom seizoen fersterke mei Theo Timmermans en Cutrick Gonzales. Timmermans is op dit stuit reservekeeper by FC Grins. Hy ferfangt Maurice Wemekamp dy't nei dit jier net mear ûnder de latte stean sil yn Snits.
Gonzales is in 19-jierrige oanfaller dy't yn it ferline ûnder oaren by Cambuur spile. Hy rûn de ôfrûne moannen staazje by AZ.