Plysje:brêgespringers oanpakke

© Omrop Fryslân
De Fryske plysje sil oant en mei heal septimber saneamde brêgespringers strang oanpakke. Jongeren dy't betrape wurde op it springen fan brêgen of it swimmen yn de buert fan brêgen kinne in taakstraf of in jildboete krije.
Dy wurdt bepaald yn oerlis mei it Iepenbier Ministearje. De oerlêst fan jongerein by brêgen kin gefaarlike situaasjes opsmite. It is al foar it fjirde jier dat foar dizze oanpak keazen wurdt. In soad gemeenten ha al ferbodsbuorden by brêgen pleatst.